Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Swarte readkopwevers

Swarte readkopwevers
readsturtmalimbe
readsturtmalimbe
Taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: moskfûgels (Passeroidea)
famylje: weverfûgels (Ploceidae)
skaai swarte readkopwevers (Malimbus)
Vieillot, 1805

It fûgelskaai swarte readkopwevers (Malimbus) heart ta de famylje fan 'e weverfûgles (Ploceidae).

De fûgels fan it skaai hawwe harren fersprieding yn West- en Sintraal-Afrika, dêr't se yn reinâlden en oan boskrânen libje, somtiden ek iepen bosk en sekundêr bosk. Se binne lyts oant middelgrut fan likernôch 12 oant 17 sm. De fûgels ha in swart fearrekleed mei opfallende reade patroanen op 'e kop, kiel en búk. Mantsjes binne meast wat feller yn 'e kleuren as wyfkes.

Swarte readkopwevers libje yn groepkes en binne faak heech yn 'e beammen aktyf en ite ynsekten, spinnen en wat fruchten. It binne echte wevers, dy't hingjende nêsten fan gers, blêd en plantfezels bouwe.

De typesoarte fan it skaai is de readsturtmalimbe (Malimbus scutatus). Dat is fêstlein troch Louis Jean Pierre Vieillot yn 1805, doe't er it skaai beskreau.

Ofbyld Wittenskoplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend
Malimbus ballmanni Golamalimbe Nastjonaal Park Gola yn Sierra Leöane en yn westlik Libearia, eastlik Libearia oant westlik Ivoarkust en Natuerreservaat Diécké yn Guinee hast bedrige
[1]
Malimbus cassini Cassini's malimbe Sintraal-Afrika net bedrige
stabyl[2]
Malimbus coronatus swarte readkrúnmalimbe Sintraal-Afrika net bedrige
[3]
Malimbus erythrogaster readbúkmalimbe Sintraal-Afrika net bedrige
[4]
Malimbus ibadanensis Ibadanmalimbe Nigearia bedrige
[5]
Malimbus malimbicus túfmalimbe Afrikaanske tropyske reinwâld net bedrige
[6]
Malimbus nitens readboarstmalimbe Afrikaanske tropyske reinwâld net bedrige
stabyl[7]
Malimbus racheliae Rachels malimbe westlik Sintraal-Afrika net bedrige
[8]
Malimbus rubricollis readkopmalimbe Afrikaanske tropyske reinwâld net bedrige
stabyl[9]
Malimbus scutatus readsturtmalimbe West-Afrika net bedrige
stabyl[10]


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9

Portal di Ensiklopedia Dunia

Kembali kehalaman sebelumnya